Kollum: "Plastic Fantastic"
Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.
"Yn de beam fan de beneden-buorfrou waaide foarrich jier in plestik pûde. It wie ien fan de Blokker, leau ik. Presys yn it puntsje fan de beam bleau de pûde hingjen. Hoe hurd it ek waait, de tas bliuwt oan de tûken hingjen. Net ien kin der by, allinnich de fûgels. Mar derfân hoopje je dat se der ôfbliuwe mei harren fine snaveltsjes.
De pûde hat no elts seizoen meimakke. De sinne hat de oranje opdruk dizich makke, de wyn hat de pûde lytser makke en doe't de beammen keal waarden, wie der noch in wyt suterich fodjse te sjen. It hie in romantysk tafereeltsje wêze kinnen, sa'n wapperend wyt ding dat altyd bliuwt, hoopfol hast, wylst de seizoenen feroarje, bledsjes falle of júst wer werom komme. Mar der is neat romantysk oan. It is in symboal fan de plestikpleach.
Plestik pûdsjes, plestik fleskes mei wetter foar ûnderweis, plestik ferpakkingen, froulju fan plestik, plestik patatbakjes, plestik, plestik, plestik, plestik, Plastic Fantastic.
Sjoch mar ris om je hinne, it is oeral. Wêrom ha we tsjintwurdich bygelyks fan dy plestik dopkes op de molkepakken? Wat is er mis mei de útfoubere flapkes? No ja, sa kin ik wol eefkes trochgean.
Ik hie noait tocht dat plestik sa'n probleem is. Mar dat is it wol. Want plestik fergiet net. As it as swalkôffal op strjitte bedarret bygelyks. Krekt as de pûde yn de beam. En wat tochten jim fan ballonnen. Wêr bliuwe se. Yn de ballonnehimel?
Mar plestik ferdwynt ek yn see. Ik spruts der fan 'e wike in surfer oer. Hy is ek biolooch en keunstner. Hy makke in surfboerd fan tsien kilo swalkplestik en surfde dermei fan de Belgyske kust nei Skiermûntseach om oandacht te freegjen foar it plestik yn ús seeën en marren. Dizze man surft al sûnt er in lyts jonkje is en neamt him 'Plastic Soup Surfer'. Syn selsmakke surfboard is net foar neat tsien kilo: dat is it oantal kilo's dat eltse moanne by in strânpeal oanspielt. Tsien kilo! Ik wist dus net dat it sa slim wie.
It grutste probleem is tink ik dat we it plestik yn see net echt sjogge. Want in grut diel fan it plestik ferbrokkelet ta hiele lytse dieltsjes. Dat neame se mikroplestiks. Dat komt ek by de fisken yn de magen, en dus yn ús iten.
En miskien ha jim ek wol ris heard fan de plestik sop. Dat binne de grutte driuwende eilânnen fan plestik. Dêr kinne seefûgels yn stikke en bisten yn ferstrikt reitsje.
Swalkôffal docht my tinken oan in sêne út de populêre serie Mad Men, dat begjint yn de jierren fyftich. In rike Amerikaanske famylje, it gesin fan Don Draper, giet picknicken yn de berm. Oan de ein fan de picknick lûke se it kleedsje ûnder de pûdsjes en oare rommel wei en stappe sûnder om te sjen yn de grutte ljochtblauwe Amerikaan. Sa gong it eartiids. It is gedrach. Dat we no fierstente folle plestik brûke en swiere litte, is ek gedrach. It skynt dat we minstens 30 dagen nedich ha om ús gedrach te feroarjen. We hoege net fuortdaliks as in gek mei in prikker by de dyk del te gean om plestik yn te sammeljen. Mar in bytsje minder plestik brûke, moat dochs slagje?"