Fryske feangreiden moatte wieter om boaiemdelgong te remjen

It Fryske feangreidegebiet moat wieter. As boeren harren lân faker wiet hâlde, soe dat de boaiemdelgong remje. It wetterskip en de provinsje sille ferskate maatregels ynfiere tsjin it beklinken fan it fean. Troch lân- en túnbou fersakket it fean alle jierren sa'n 1 oant 3 sintimeter.
De boeren yn dizze gebieten ha lykwols grutte twivels oer de plannen fan de provinsje. Op in wiet lân falt net te buorkjen. De boeren binne foaral benaud dat se de rezjy oer harren lân kwyt reitsje.
Ynkoarten sil it wetterskip mei boeren om tafel om de problemen te bepraten. De provinsje stelt 12 miljoen euro beskikber om it probleem oan te pakken.