Ferbou eardere disko Fire ta hotel duorret noch trije jier

It duorret noch wol trije jier foar't it hotel yn de eardere diskoteek Fire oan de Ljouwerter Nijstêd folslein klear is. In diskoteek dy't omboud wurdt ta hotel, freget om in soad oanpassingen. De ferbouwing wurdt dêrom yn fazen dien. Alle winters wurdt der in oare ferdjipping ûnder hannen naam.
Neffens eigener Amarins Bronger moat it earste part, dat bestiet út sealen, yn maaie iepengean. Takom jier kinne de earste gasten oernachtsje yn it hotel, dat Boutique Hotel Cats hjitte sil.
As de ferbouwing klear is, hat de binnenstêd fan Ljouwert der in nij hotel mei tolve keamers by.
De diskoteek gong ticht yn 2012. It gebou stiet der sûnt 1800 en joech yn it ferline ek ûnderdak oan it plysjeburo fan Ljouwert.