FIDEO: Feanster bern krije tips fan hockeytoppers

03 mrt 2016 - 18:18

De 'crème de la crème' fan it Nederlânske frouljushockey wie tongersdeitemiddei op besite op It Hearrenfean. Op de fjilden fan hockeyklup Quick Stick krigen bern tips fan ûnder oaren de Oranje-toppers Kim Lammers en Naomi van As.

De froulju wienen mei it team Laren yn Fryslân foar in spesjale hockeyclinic. Sa'n hûndert bern hopen harren technyk te ferbetterjen en fansels in glimp fan de idoalen op te fangen.

De hockeyfroulju organisearje clinics troch it hiele lân om jild yn te sammeljen. Dat wurdt brûkt foar trainingsstaazjes en kamera-apparatuer foar de evaluaasje fan trainingen en wedstriden.

Trefwurden: 
les hockey Naomi van As
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)