Snits oantreklik om te belizzen yn ferhier gebouwen

De Wetterpoarte yn Snits, dêr't 'At the Watergate' nei neamd is
Wa't jild fertsjinje wol troch in gebou te ferhieren, kin dat yn Fryslân it bêste dwaan yn Snits. Lanlik stiet de Fryske stêd op nûmer twa, efter Vlaardingen (Súd-Hollân). Dat skriuwt De Financiële Telegraaf, op basis fan sifers fan ûnreplikgoedbelizzer Erik de Voogd. Dy hat gegevens fan ferkeapsites as Funda brûkt, om te berekkenjen yn hokker stêden it ferskil tusken de hierpriis en de oankeappriis fan huzen relatyf it grutst is.
De Voogd wol makelers en partikuliere belizzers ynsicht jaan yn in net trochsichtige merk. "Ga maar na, veel mensen denken toch dat in grote steden als Amsterdam de beste rendementen zijn te halen. Omdat je hoort dat de markt het daar zo goed doet. Dat blijkt dus niet zo te zijn, maar dat was vrijwel niet bekend bij een breed publiek", sa seit De Voogd.