Sjauffeurs Hegemer transporteur sliepe net mear yn Calais

03 mrt 2016 - 17:26

Sjauffeurs fan transportbedriuw Veenstra Fritom yn Heech oernachtsje yn in straal fan 150 kilometer rûnom Calais net mear yn harren frachtauto's. Oanlieding is it tanimmende oantal flechtlingen dat yn de frachtauto's besiket te klimmen.

It bedriuw seit in soad oerlêst te hawwen fan it flechtlingeprobleem. Benammen de strangere kontrôles oan de grinzen en de langere wachttiden yn de havens soargje foar in finansjele strop. Wylst in soad transportbedriuwen Calais mije, is it foar de frachtauto's fan Veenstra Fritom noch wol in bestimming.

Tongersdei yn it telefyzjeprogramma Bynt in petear mei Remco de Melker, kommersjeel manager fan Veenstra Fritom oer de ûnderfiningen fan syn sjauffeurs yn Calais.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)