By Omrop ynsammele guod stellen by Voedselbank yn Harns

Dieven hawwe tweintich doazen mei guod fan de Voedselbankaksje stellen by de Voedselbank yn Harns. It giet om doazen mei molke, pasta en waskmiddel dy't by Omrop Fryslân sammele binne. Woansdeitemiddei kaam it haad itensfoarsjenning derefter dat net alle doazen mear yn de konteners sieten.
De Voedselbank hat gjin idee wa't de dieven wêze kinne. Der binne ek gjin spoaren fan fernieling fan de konteners of fan it stek dat om de konteners hinne stie. De Voedselbank Harns hat tongersdeitemoarn oanjefte dien fan de stellerij.