Tomaten fan kweker Bitgum net oantaaste troch brân

03 mrt 2016 - 14:52

De tomaten fan kweker Gardeners Pride fan Bitgum binne noch goed. Moandei wie der in grutte brân by it kassekompleks. Der binne gjin skealike stoffen by de tomaten fûn, nei alle gedachten om't de ruten ûnder de brân iepen stienen. Eigener Cock van Overbeek is bliid mei it nijs.

As de tomaten net mear goed wêze soenen, dan hie de skea trije miljoen euro west. Der soe dan tolve wiken rispingen ferlern wêze fan hûnderten tonnen tomaten.

Skea oan kompleks

Der is flinke skea oan it kassekompleks. De plantsjes krije foarearst wetter fia in needwetterfoarsjenning. Freed wurdt begûn mei de reparaasje fan it dak. Oer fjouwer wiken moat alles wer normaal wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)