Tal dakleazen yn Fryslân nimt noch hieltyd ta

03 mrt 2016 - 12:41

Der binne hieltyd mear dakleazen yn Fryslân. Krisis-en opfangsintrum Zienn yn Ljouwert hat it tige drok, benammen yn de nachtopfang. De ôfrûne seis jier is it tal dakleazen mei mar leafst trijekwart omheech gien. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Dêrtroch binne der no sawat 31.000 minsken dy't nachts gjin dak mear boppe de holle hawwe.

Besunigings

De oarsaak leit him foar in part yn de besunigings en it nije belied fan de GGZ, dat seit Margret Homminga fan Zienn. Minsken mei psychyske of jildproblemen soene net goed genôch begelaat wurde, wêrtroch sy op strjitte belânje. Ek de finansjele krisis hat in grutte ynfloed hân de ôfrûne jierren wêrtroch in soad minsken yn jildproblemen rekke binne. 

Zienn

Neffens Homminga hawwe yn de earste acht moannen fan 2014 sa'n 193 minsken in berop dien op de nachtopfang fan Zienn. Yn dyselde perioade yn 2015 binne dat der 306 wurden. Net allinnich is it oantal mear wurden, ek de problemen fan dakleazen wurde hieltyd slimmer, sa seit Homminga.

It tal fan 31.000 dakleazen yn it hiele lân giet allinnich noch mar om minsken dy't registrearre binne as dakleaze. It oantal soe neffens Homminga wolris heger lizze kinne. 

Trefwurden: 
dakleazen Zienn Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)