''Kabinet moat him ynsette foar bettere ôfhanneling skea''

Gaswinning © ANP
De Keamerfraksjes fan de SP, ChristenUnie en de Partij voor de Dieren, wolle dat it kabinet ek stappen ûndernimt tsjin de gas- en sâltwinning yn Fryslân. It kabinet moat him ek ynsette foar in better ôfwikkeling fan skea, fine de partijen. De Partij voor de Dieren wol dat der by Winaam hielendal gjin gas mear wûn wurdt. Ek de sâltwinning dêr moat stopset wurde. De SP easket dat bewenners dy't skea hawwe fan de gaswinning yn de lytsere fjilden by Warfstermûne en Eanjum, makliker kompensaasje krije.
Bewiislêst
Ek foar har soe de bewiislêst omkeard wurde moatte, sadat se net sels oantoane moatte dat de skea oan harren wenningen feroarsake wurdt troch gaswinning. De ChristenUnie wol dat der ien loket komt yn Fryslân, dêr't dupearren fan gas- en sâltwinning terjochte kinne foar in ûnôfhinklike ôfhanneling fan skea.
De Twadde Keamer stimt no tiisdei oer de moasjes fan de trije partijen.