Learlingen Stellingwerf College debattearje yn Purmerend

© www.schooldebatteren.nl
It Stellingwerf College yn Easterwâlde docht op 11 maart mei oan it lanlike VMBO debattoernoai yn Purmerend. Yn totaal sille goed 300 VMBO-learlingen meielkoar diskusjearje. Underwerpen binne ûnder oaren alkoholreklame, flechtlingen en dûbele nasjonaliteit.
De ôfrûne moannen hawwe de learlingen al flink oan it oefenjen west. De debatten wurde beoardiele troch sechtich sjueryleden. It VMBO debattoernoai wurdt organisearre troch it Nederlands Debat Instituut, mei stipe fan ferskate ministearjes. It toernoai wurdt sûnt 2007 holden.