Offalbakken fernield op rekreaasjeterrein yn Snits

03 mrt 2016 - 10:48

Op rekreaasjeterrein De Potten by Snits hawwe ûnbekenden sawat alle ôffalbakken fernield. Fan 34 fan de 36 rustfrijstielen ôffalbakken binne de deksels ôflutsen en meinaam. De skea is sa'n 16.000 euro. Neffens dykbehearder Piet Adema fan de gemeente Súdwest-Fryslân is it net it wurk fan fandalen, mar fan dieven dy't it materiaal ferkeapje wolle as âld izer.

De gemeente freget minsken dy't wat sjoen hawwe of der mear fan witte, oft se harren melde wolle. Der wurdt neitocht oer maatregels om stellerij yn de takomst foar te kommen.

Trefwurden: 
ôffalbakken fernieling Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)