It Pakhûs yn Akkrum wol deibesteging troch crowdfunding

03 mrt 2016 - 10:31

Soarchûndernimming It Pakhûs yn Akkrum wol mei crowdfunding in deibestegingslokaasje finansiere foar minsken mei in ferstanlike beheining. Earder dit jier slagge it al om mei crowdfunding in âld pakhûs yn Akkrum om te bouwen ta in lokaasje mei bewenbere apparteminten. De nije deibestegingslokaasje moat bestean út in grientetún en in bernebuorkerij, dêr't bewenners en deibestegingskliïnten wurkje kinne.

Foar dit nije projekt is yn totaal 60.000 euro nedich. Minsken dy't dêryn ynvestearje wolle, krije letter sân prosint rinte. It giet om in liening mei in rintiid fan fiif jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)