Brânwacht komt yn aksje foar wenningbrân yn Damwâld

© De Vries Media
In wenning oan de J.R. Kloostermanstrjitte yn Damwâld hat woansdeitejûn flink wat skea oprûn troch in brân. It fjoer ûntstie tsjin healwei alven yn ien fan de sliepkeamers fan it hûs en sloech oer nei it plafond. De brânwacht hie it fjoer al gau út en koe slimmer foarkomme.
In part fan it plafond is sloopt, om der wis fan te wêzen dat it fjoer hielendal út wie. Der rekke net ien ferwûne. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe.