Follybalfroulju Snits ferlieze yn Apeldoorn fan Alterno

02 mrt 2016 - 22:34

De follybalfroulju fan Snits ha woansdei yn Apeldoorn mei 3-2 ferlern fan Alterno. Snits ferlear de earste set mei 25-21. Mei 25-14 waard de twadde set wûn, mar it goede spul waard net trochsetten. Nei 25-22 en 23-25 kaam it oan op de beslissende fiifde set. Dy waard foar de froulju fan Petra Groenland mei 15-13 ferlern.

Troch it ferlies stiet Snits no twadde yn de play-offs, achter Sliedrecht Sport. It is spannend boppeyn, Sliedrecht hat 10 punten, Snits hat der 9, Set-Up 8, en Alterno 6. Takom sneon spilet Snits thús tsjin Sliedrecht.

Trefwurden: 
Snits follybal Alterno froulju
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)