Ried fan Europa ûndersiket status fan it Frysk en Biltsk

02 mrt 2016 - 22:21

Hoe stiet it mei it Frysk en it Biltsk? Dat hat in delegaasje fan de Ried fan Europa woansdei ûndersocht. De kommisje prate op it provinsjehûs mei ûnder oaren Geart Benedictus fan de Fryske Beweging, deputearre Sietske Poepjes en steatelid Ynze de Boer.

De rjochten fan it Frysk binne fêstlein yn it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen. It Biltsk is dwaande mei in lobby om hjir ek yn opnaam te wurden. Tema's as twatalichheid yn ûnderwiis, sûnenssoarch en de media kamen oan bar.

De befinings fan de kommisje oer de status fan it Frysk en Biltsk wurde yn july oanbean oan it ministearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)