Demintearjenden sjogge en prate oer keunst yn museum Dr8888

02 mrt 2016 - 16:37

Museum Dr8888 sil fan april ôf aparte rûnliedings hâlde foar minsken mei demintens en harren mantelsoargers. De dielnimmers sjogge nei keunst, prate der oer en krije kreative opdrachten. Sa hoege se minder werom te fallen op harren koarte termyngeheugen.

Foar minsken mei demintens kin dat liede ta in ferbettering fan de kwaliteit fan libjen. It projekt Onvergetelijk wurdt opset yn de mande mei it Stedelijk Museum Amsterdam en it Van Abbemuseum yn Eindhoven. De rûnlieders fan Museum Dr8888 binne der de ôfrûne moannen spesjaal foar traind.

Yn Bynt fertelt Anouk Heesbeen fan it Stedelijk Museum woansdei oer hoe't it projekt Onvergetelijk krekt yn syn wurk giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)