64.000 hantekens oanbean tsjin gaswinning yn Skylger natoer

GasTvrij Terschelling hat woansdeitemiddei rom 64.000 hantekens oanbean oan in kommisje út de Twadde Keamer tsjin gaswinning by in natuergebiet op it eilân. De kommisje praat woansdei oer de gaswinning.
Mei de petysje wol GasTvrij Terschelling it foarelkoar krije dat der yn de wet komt te stean dat gaswinning by natuergebieten net mei. De gemeente Skylge hat foarôfgeand oan it oerlis ek noch in brief stjoerd mei dat boadskip.