Freedsmerk Noardwâlde nei nije lokaasje

02 mrt 2016 - 14:46

De freedsmerk yn Noardwâlde is dizze wike foar it earst op it fernijde Manauplein. Troch de ferhuzing is der net langer oerlêst foar it ferkear op de Weemstrjitte. Dy wie oars oerdeis ôfsletten foar it trochgeande ferkear. No binne de winkels en de merkkreamen op it Manauplein better te berikken. Der is ek mear parkearromte tichtby de merk.

Neffens de merkmaster binne de keaplju posityf oer de nije lokaasje. It Manauplein yn Noardwâlde is de ôfrûne tiid opnij ynrjochte foar eveneminten en parkearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)