Doarpswurk wol flechtlingen ûnderbringe yn de doarpen

Doarpswurk begjint in projekt om flechtlingen mei in status ûnder te bringen yn lege huzen of kantoargebouwen yn Fryske doarpen. Asylsikerssintra reitsje fol en needopfanglokaasjes binne tydlike oplossings. Doarpswurk tinkt dat as flechtlingen yn de mienskip opnommen wurde, sy har better thúsfiele sille. As der mear trochstream komt ûntstiet der ek wer plak foar nije flechtlingen yn de AZC's.
Doarpswurk hâldt 7 april in ynformaasjejûn foar eigeners fan lege gebouwen, doarpsbelangen en wenningkorporaasjes oer dizze mooglikheid.
Lokkich yn Mantgum
In foarbyld foar it projekt binne Fadi Ayoubi en Nour Mohamed út Syrië. Sy binne út Syrië flechte en wenje no al twa jier mei harren berntsje yn Mantgum. Sy fiele harren tige lokkich yn it doarp.
Praatsjes en putsjes
De doarpsbewenners litte it gesin wolkom fiele troch sa no en dan in praatsje te meitsjen en elkoar bygelyks te helpen by putsjes om it hûs, sa seit Ayoubi. Om't de kultuer yn Nederlân hiel oars is as yn Syrië moast it gesin har bot oanpasse. En se misse harren famylje. Dat is net altyd maklik, seit syn frou Nour Mohamed.
Taal
''Gelukkig helpt een oude vrouw uit het dorp ons met het leren van de Nederlandse taal, want dat is heel moeilijk'', sa seit Mohamed. As it wer feilich is yn Syrië hopet it gesin werom te kinnen. ''Maar voor nu is het heel goed hier in Mantgum."