Nije slogan Sionsberg: "Waar zorg een gezicht krijgt'

02 mrt 2016 - 13:55

'Waar zorg een gezicht krijgt.' Dat is de nije slogan fan sikehûs Sionsberg yn Dokkum. De slogan is betocht troch Tineke Alting-de Vries fan Feanwâlden. It sikehûs hie in wedstriid útskreaun foar it betinken fan de slogan.

Neffens direkteur Peter Lalkens fan Sionsberg past de slogan goed by it leechdrompelige sikehûs. It sikehûs krige 600 reaksjes op de wedstriid. It duorre dêrom langer as ferwachte om de winner te bepalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)