Grinslân wol dat harren taal ek offisjele status krijt

02 mrt 2016 - 13:45

Der wurdt yn Grinslân opnij besocht om it Nedersaksysk deselde status te jaan as it Frysk. Streektaalfunksjonarissen binne byelkoar om oer de takomst fan de streektaal te praten en krigen woansdei besite fan in taalkomitee fan de Europeeske Uny. De Grinzers wolle dat de streektaal de heechste status kriget, lykas it Frysk. De inisjatyfnimmers neame it Frysk ek as foarbyld.

De fraach is hoe grut de kâns is dat it inisjatyf slagget, twa jier lyn wie de Twadde Keamer noch tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)