Feansters wurde mei nijsbrief ynformearre oer komst AZC

02 mrt 2016 - 12:25

Ynwenners fan It Hearrenfean krije tenei ien kear yn de seis wike in nijsbrief fan de gemeente oer de komst fan it asylsikerssintrum. De gemeente en it COA binne op dit stuit drok dwaande mei de tariedings foar de komst fan it AZC. Bewenners fan de wiken Hearrenfean-Noard en Sintrum krije de nijsbrief thús besoarge.

De nijsbrief leit ek yn it gemeentehûs, yn biblioteken en wyksintra en is op de webside te finen. Op 29 maart is der in ynformaasjegearkomst foar ynwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)