SC Cambuur moat it seizoen ôfmeitsje sûnder Dominik Masek

02 mrt 2016 - 11:36

SC Cambuur moat it de rest fan it seizoen dwaan sûnder spiler Dominik Masek. De Tsjechyske spiler hat moandei in skuor yn in krúsbân oprûn. Dat wie yn de wedstriid fan Jong Cambuur tsjin Jong FC Twente. Masek is nei ferwachting fiif oant seis moanne útskeakele.

Cambuur helle it talint ferline jier nei Ljouwert. Hy hat in kontrakt foar twa seizoenen. Hy spile hjirfoar by it Dútske Hamburger SV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)