Hettinga: "Reizger kin foardiel hawwe fan ferkeap Qbuzz"

Arriva-direkteur Anne Hettinga tinkt dat de ferkeap fan Qbuzz troch de NS foardielen ha sil foar de reizger. Dat seit er by RTV Noord. Neffens Hettinga wie gearwurking tusken regionale ferfierders as Arriva en Qbuzz net mooglik fanwege de bemuoienis fan de NS mei Qbuzz.
Hettinga tinkt dat it troch de ferkeap makliker wurde sil om as regionale ferfierders gear te wurkjen. Sa soe it mooglik op termyn net mear nedich wêze om by de iene ferfierder út te checken foardat der mei in oare ferfierder fierder reizge wurdt.