Marit Bouwmeester hat de gong deryn op it EK

01 mrt 2016 - 19:59

Marit Bouwmeester is geweldich op dreef op it Europeesk kampioenskip yn Gran Canaria mei krapoan hûndert dielnimmers. Moandei op de earste dei stjoerde se har Laser Radial trije kear as earste oer de einstreek. Hjoed kaam der twa kear in twadde en ien kear in tredde plak by. Mei 7 punten giet se yn har groep oan de lieding.

De Sweedse Josefin Olsson docht it yn de oare groep hast like goed. Olsson wûn ek trije kear, waard ek twa kear twadde en ien kear achtste. It EK duorret oant en mei freed. Woansdei komt de bêste helte yn de finalegroep.

Trefwurden: 
silen EK Marit Bouwmeester
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)