Frontale botsing op N354 by Reduzum
Twa auto's binne tiisdeitemiddei frontaal opinoar botst op de N354 flakby Reduzum. De brânwacht hat de bestjoerders út de swier skansearre auto's helle. Der soenen twa ferwûnen wêze. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend
Troch it ûngelok waard de dyk ôfsletten en it ferkear oer de paralleldyk laat.