COC Fryslân krijt goede reaksjes op maatsjesprojekt

De oprop fan it COC om ''maatje'' te wurden fan in homoseksuele flechtling hat yn Fryslân goede reaksjes opsmiten, dat seit Cees van Baalen fan de organisaasje. De ôfrûne wiken hawwe hûnderten minsken harren oanmeld by de COC's yn it hiele lân.
Tiisdei stimt de Twadde Keamer oer de fraach oft homoseksuele flechtlingen apart opfongen wurde moatte, om't sy net altyd feilich wêze soene tusken net-homoseksuele flechtlingen. Oant no ta is it belied om dizze flechtlingen net apart op te fangen.
Van Baalen hopet dat der noch mear frijwilligers út Fryslân harren oanmelde wolle: ''Veel homoseksuele vluchtelingen weten niet hoe het werkt hier in Nederland als het gaat om homo of lesbienne zijn. In hun eigen land is dat nog helemaal niet geaccepteerd. Een maatje kan ze wegwijs maken door leuke dingen met ze te gaan doen''.
It blykt noch wol lêstich te wêzen om de frijwilligers en de flechtlingen te keppeljen, om't de flechtlingen fan plak nei plak ferhúzje, sa seit de direkteur fan de Fryske lokaasje. Hy ferwachtet wol dat der dit jier mear flechtlingen harren melde sille foar in Frysk maatsje, as de nije opfanglokaasjes iepenje yn Fryslân.