Stichting Winamer Belang biedt petysje oan yn Den Haach

In delegaasje fan de Stichting Winamer Belang hat tiisdei yn Den Haach in petysje oanbean oan de fêste Keamerkommisje. Se freegje dêryn omtinken foar de boaiemdelgong yn it noarden as gefolch fan bygelyks gas- en sâltwinning. It is net foar it earst dat se dêrtsjin yn aksje komme.
Neffens Rinze Post fan Winamer Belang moat de bewiislêst omdraaid wurde. Net dat boargers bewize moatte dat skea ûntstien is troch de gas- of sâltwinning, mar dat de gas- en sâltwinningbedriuwen bewize moatte dat de skea net troch harren komt.