Snits Wyt Swart rekket punten kwyt troch fallisemint WKE

Snits Wyt Swart Boso Snits © awfoto.nl
Snits Wyt Swart rekket fjouwer punten yn 'e topklasse kwyt. WKE út Emmen is definityf fallyt, sa meldt RTV Drenthe. Dat is no krekt de ploech dêr't de Snitsers fjouwer punten tsjin pakt hawwe. Dêrtroch sit de Snitser ploech no wer yn de swierrichheden. De ploech fan trainer Berry Zandink wûn thús mei 2-1 fan WKE, út waard it 1-1. Dy punten is Snits Wyt Swart no dus kwyt. Wat foar de topklasser wol posityf is, is dat der no gjin ploech mear fuortendaliks degradearret.
Troch it fuortfallen fan WKE spilet de nûmer lêst no promoasje-degradaasjewedstriden yn stee fan direkte degradaasje nei de haadklasse.
De konkurrinsje fan Snits Wyt Swart rekket minder punten kwyt. Dêrtroch steane de Snitsers no op it ien nei lêste plak mei 15 punten. Allinne OJC Rosmalen stiet dêr no ûnder mei 13 punten.
WKE wol sels it seizoen graach útspylje. De kurator sil dêr nei sjen. It hinget fan in protte faktoaren ôf oft dat slagje sil. Benammen fuotbalbûn KNVB spilet dêr in grutte rol yn.