Belestingoanjefte dwaan? Der binne helpmiddels

Belestingoanjefte dwaan. Foar de ien gjin probleem, foar de oar in drama. Fan tiisdei ôf kin it wer. Op de webside fan de belestingtsjinst steane de measte gegevens al ynfolle, mar dochs fine in soad minsken it noch hieltiid in dreech putsje.
Dêrom is der no in alternatyf. Bokkz is in programma dat minsken stipet om de oanjefte optimaal yn te foljen. It programma jout minsken automatysk tips en follet de meast optimale ferdieling tusken man en frou sels yn. Der moat wol betelle wurde foar de online helptsjinst.