Bakkersfak populêr troch bakprogramma 'Heel Holland bakt'

Troch it telefyzjeprogramma 'Heel Holland Bakt' rint it stoarm by de opliedings foar bakkers. De bakkers binne bliid mei de belangstelling, mar se warskôgje tagelyk dat it wurk yn de praktyk hiel oars is. Want wêr't yn de telefyzjeprogramma's de muffins en keekjes sintraal steane, moat der yn de praktyk in soad produksje draait wurde en moatte de bakkers der betiid út.
Net eltsenien is dêr geskikt foar, seit bakker Jippe Braaksma fan Oentsjerk. Je moatte neffens him in soad passy ha foar it wurk.