Sels krûden, fruchten en nuten plukke yn plukbosk Rottefalle

By de mar De Leien by De Rottefalle ha frijwilligers tiisdei in begjin makke fan wat in saneamd plukbosk wurde moat. Minsken kinne dêr sels krûden, fruchten of nuten plukke foar eigen gebrûk. Ek paviljoen De Leyen sil dêr syn yngrediïnten foar guon streekprodukten weihelje.
Natuergebiet de Grinspôle, dêr't it plukbosk yn leit, is de lêste tiid bot opknapt. It eardere natuerkampearterrein fan Steatsboskbehear is omfoarme ta in edukatyf en rekreatyf bosk. Dêr wurde ekskurzjes hâlden.
Aanst kinne de minsken ek leare fan de planten, strûken en beammen yn it plukbosk. En de earste tûzenblêdesop is yn maaie te bestellen by paviljoen De Leyen, sa hat de eigener tasein.