Brúnfisk achter auto oansleept en iepensnien by Seisbierrum

01 mrt 2016 - 12:14

Oan de dyk by Seisbierrum is moandei in molestearre brúnfisk fûn. De diere-ambulânse fan Peins is skokt. ''It bist hie in tou om 'e sturt hinne en is mei in auto oer de dyk lutsen. Dizze minsken hawwe der gewoan mei boarte'', sa seit Hans van Riet fan de ambulânse.

Nei alle gedachten giet it om in 4x4 auto dêr't it bist oan fêstmakke is. Yn it gebiet meie eins gjin auto's komme. Ek de kop fan it bist is derôf helle en de yngewanten leine derneist.

De brúnfisk wie net allinnich, der lei ek noch in foetus fan in brúnfisk. Van Riet tinkt dat de fisk al dea wie doe't er oanspielde op it waad, mar dêr is hy net wis fan. Op it stuit wurdt de brúnfisk ûndersocht by de Universiteit fan Utert. Ek de plysje docht ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)