Presintaasje rapport oer yntegriteitsbelied Opsterlân letter

De presintaasje fan it rapport Berenschot oer it yntegriteitsbelied yn de gemeente Opsterlân is fanwege persoanlike omstannichheden ferskood fan 7 nei 14 maart. Dernei sil de gemeenteried der op 29 maart oer te set.
Oanlieding foar it ûndersyk is de kwestje rûnom soarchoanbieder Springth, dy't in opdracht fan de gemeente krige wylst ien fan de riedsleden en syn frou aktyf binne foar it bedriuw. Yn it ûndersyk wurdt net spesifyk nei dizze kwestje sjoen, mar nei ôfrin moat wol foar elk riedslid en wethâlder dúdlik wêze wat wol en net kin.