Richardson ek de kommende trije jier by Clafis reedrydploech

01 mrt 2016 - 11:04

Reedrydster Heather Richardson-Bergsma sil ek de kommende trije jier by de Nederlânske Clafis-ploech fan coach Jillert Anema ride. Richardson kaam yn 2014 by de ploech en hat har kontrakt no ferlinge oant healwei 2019.

Yn har earste seizoen waard se wrâldkampioen op de 500 meter. Ferline jier ferbettere se yn Salt Lake City it wrâldrekôr op de 1500 meter. Ofrûne wykein waard se yn Seoul twadde by it WK sprint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)