"Fertochte Easterwâlde drige sels mei fjoerwapen"

© Omrop Fryslân
It warskôgingsskot dat de plysje moandeitemiddei loste by in oanhâlding yn Easterwâlde wie nedich om't de man sels mei in fjoerwapen drige. Dat hat de plysje bekend makke. De 22-jierrige man sûnder fêst wenplak waard op de Prandinga oan de kant set om't hy noch boeten iepen stean hie. Ek ried er sûnder rydbewiis. Hy fersette him by de oanhâlding en drige mei in fjoerwapen. De plysje brûkte dêrom pepperspray en loste in skot. De fertochte joech him dêrnei oer.
De man is meinaam nei it plysjeburo en sit fêst foar fierder ûndersyk. Der is net ien ferwûne rekke.