Woudagemaal ûnder stoom en iepen foar publyk

It Woudagemaal is de kommende dagen ûnder stoom en iepen foar it publyk. It gemaal is ûnder stoom brocht sadat it personiel oplaat wurde kin. Pyblyk kin it wurkjende gemaal besjen fan tiisdei oant en mei tongersdei tusken tsien en fiif oere. Op oare dagen is it gemaal fansels ek gewoan iepen.
It gemaal wurdt elk jier twa kear ûnder stoom brocht foar it oplieden fan it personiel. Dat is nedich, omdat it gemaal ek ynsetten wurdt by ekstreem hege wetterstannen. It gemaal is hast 100 jier âld en stiet op de wrâlderfguodlist fan UNESCO.
Woansdei 2 maart om 18:20 oere yn ús telefyzjeprogramma Hea! in reportaazje oer it Woudagemaal op De Lemmer.