Advokaten yn it Noarden boykotte bystân plysjeferhearen

Strafrjochtadvokaten yn Fryslân, Grinslân en Drinte wegerje om fertochten by te stean by plysjeferhearen. Se sille dyselde fertochten wol oanriede om om in advokaat te freegjen, sadat de ferhearplanning fan de plysje yn de knipe komt. Sa wolle de Noardlike advokaten protestearje tsjin de nije regels foar plysjeferhearen dy't op 1 maart yngean.
De advokaten meitsje har grutte soargen oer de nije regels. Se meie tenei wol by in ferhear wêze, mar se meie eins neat sizze. Neffens de advokaten is dat yn striid mei it Europeesk rjocht.
De Nederlânske Feriening fan Strafrjochtadvokaten hat oer de saak in koart pleit oanspand tsjin de steat, mar wannear't dat tsjinnet is noch net bekend. Boppedat fine de advokaten dat se temin betelle wurde foar de ferhearsbystân. De standertfergoeding leit neffens de advokaten tusken de 150 en de 300 euro en dêrmei wurdt gjin rekken holden mei it tal ferhearen, of hoelang't se duorje. De boykot duorret oant de minister op 'e nij mei de advokaten om tafel giet.
It Ministearje fan Justysje lit yn in reaksje wite dat se noch yn petear sille mei de advokaten, en dat se op basis fan de praktyk sjen wolle oft der noch ferbetterings mooglik binne.