Dei fan de wierheid foar de mediawet fan Sander Dekker

29 feb 2016 - 19:08

It is tiisdei der op of der ûnder foar de nije mediawet fan steatssiktaris Sander Dekker. Begjin febrewaris wie der yn de Earste Keamer gjin mearderheid foar de nije mediawet, mar de steatssiktaris besiket it wer.

Dy nije mediawet hat ek gefolgen foar Omrop Fryslân, want as it oan Dekker leit wurdt de omrop in ûnderdiel fan de RPO, de nije lanlike organisaasje fan alle regionale omroppen. De Fryske senatoaren Ten Hoeve (OSF) en Atsma (CDA) fine dat gjin goed plan. Sy wolle - lykas it provinsjebestjoer - dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwt.

Hendrik ten Hoeve út Stiens sil syn stim ôfhingje litte fan Dekker syn stânpunt oer de selsstannichheid fan Omrop Fryslân. As Dekker grien ljocht jout foar in selsstannich Omrop Fryslân sil de OSF foar de nije mediawet stimme en oars net. De stim fan de OSF is net ûnbelangryk omdat der yn de Earste Keamer neffens waarnimmers ûngefear likefolle foar- as tsjinstimmers binne.

Steatssiktaris Dekker hat de ôfrûne wike op twa 'geheime' gearkomsten yn Utrecht besocht om in oantal krityske senatoaren oer te heljen om dochs foar de mediawet te stimmen. De Fryske senatoaren Ten Hoeve en Atsma hawwe net oan dy byienkomsten meidien. Wol binne beide troch steatssiktaris Dekker belle.

Ferline wike tongersdei hat steatssiktaris Dekker ek mei deputearre Sietske Poepjes praat oer in mooglike oplossing foar Omrop Fryslân. Nei ôfrin fan dat petear binne gjin ynhâldlike meidielings dien. De Earste Keamer stimt tiisdei net oer de mediawet. Dy stemming stiet pas op de wurklist fan de gearkomste fan 8 maart. It bliuwt sadwaande noch in wike spannend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)