Man stelt fytslampen by Grou
Yn Grou is tiisdeitenacht in man (28) oanhâlden foar it stellen fan fytslampen. Plysjeminsken seagen dat er lampen fan fytsen helle by it fytsehok by it stasjon. Doe't de man útnaaie soe, waard hy oanhâlden. De stellen ferljochting, mar ek de fyts fan de man binne yn beslach nommen. De plysje tinkt dat ek dy fyts stellen is.