Plysje lost warskôgingsskot by oanhâlding Easterwâlde

29 feb 2016 - 15:53

De plysje hat moandeitemiddei in warskôgingsskot lost en pepperspray brûkt om in automobilist yn Easterwâlde oanhâlde te kinnen. De oanhâlding folge neidat de automobilist plysjes bedrige hie by in ferkearskontrôle. Dat wie op de Pradinga, dy dyk is op dit stuit ôfset fanwege ûndersyk.

De automobilist is meinaam nei it plysjeburo. Wêrom't er de plysje bedrige is net dúdlik. Der is by de sjitterij nimmen ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)