GasTvrij Terschelling mei 65.000 hantekenings nei Den Haag

02 mrt 2016 - 07:35

De feriening GasTvrij Terschelling biedt woansdei in petysje tsjin de plannen foar gaswinning op Skylge oan yn de Twadde Keamer. Dêr wurdt woansdei praat oer plannen fan Tulip Oil om nei gas te boarjen by it Hoornse Bos. De petysje is ûndertekene troch 65.000 minsken.

Earder naam de Twadde Keamer in moasje oan dy't minister Henk Kamp opropt om gasboarrings op Skylge foar te kommen. Kamp hat de oproppen oant no ta neist him dellein. It boarjen past neffens de inisjatyfnimmers fan de petysje net yn it natuergebiet.

Se binne bang foar ljochthinder, lûdsoerlêst en de feilichheid foar bewenners en toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)