Fleantúch botste hast mei KLM

It gefjochtsfleantúch, dat ferline wike tongersdei boppe it Dútske Waadeilân Sylt hast yn botsing kaam mei in fleantúch fan de KLM, die mei oan de grutte oefening op de Ljouwerter fleanbasis. Dat meldt De Telegraaf woansdei. It gie om in Amerikaanske F15. De piloaten fan it KLM-tastel koene in botsing foarkomme troch út te wiken. De oefening op de Ljouwerter fleanbasis, Frisian Flag, duorret noch oant en mei freed.