Frijwilligers himmelje strân Skiermûntseach foar NL Doet

It strân fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Sechstich frijwilligers sette har sneon oer in wike yn om it eastlike strân fan Skiermûntseach skjin te meitsjen. Se dogge dat yn it ramt fan de aksje NL Doet. Alle jierren spielt der mei de winterstoarmen in soad smoargens oan op it strân. Sûnder help is it in hiele put om alles op te rêden. Natuermonuminten krijt no al foar de seisde kear help fan frijwilligers yn it ramt fan NL Doet.
De earste kear diene der acht minsken mei, mei de sechstich fan dit jier is it maksimum tal al berikt. De ferwachting is dat se meielkoar tûzenen kilo's oan smoargens oprêde sille.