Warskôgingsbuorden foar fûgelnêsten op Skylge wurkje net

29 feb 2016 - 14:51

De warskôgingsbuorden fan Steatsboskbehear op Skylge om minsken fuort te hâlden by nêsten fan seldsume strânbrieders, lykas de bûnte wilster, wurkje net. De minsken rinne se foarby omdat sy de nêsten net sjogge. It binne hiele lytse fûgeltsjes en it giet rûchwei om net mear as in tsiental nêsten. Bûnte wilsters binne in saneamde reade list soarte omdat der net in soad fan briede yn ús lân. Mar ek omdat it plak dêr't sy sitte hiel kwetsber is. Dêrom is Steatsboskbehear as natuerbehearder ek oan set om de fûgels goed te beskermjen.

Maatregels

De boskwachters tinke dêrom ek nei oer ekstra maatregels, lykas it spannen fan linten tusken de warskôgingsbuorden, om sa de briedplakken ôf te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)