Plysje bêdet famyljerûzje del

25 apr 2012 - 10:36
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tiisdei fjouwer Ljouwerters fan 46, 18, 36 en 53 jier oanhâlden op fertinking fan iepentlike geweldpleging. De fjouwer krigen op de Keidam spul meielkoar oer in famyljekwestje. De plysje helle de groep útelkoar en hat se op it buro heard. Twa fan har moasten nei it sikehûs foar behanneling.

Trefwurden: 
plysje mishanneling
(advertinsje)
(advertinsje)