Gardeners Pride yn Bitgum is slim dupearre troch brân

29 feb 2016 - 14:24

It tomatekweekbedriuw Gardeners Pride yn Bitgum is slim dupearre troch de brân fan moandeitemoarn. Neffens eigener Cock van Overbeek is in grut part fan de kas skansearre rekke troch de waarmte fan it fjoer. In stik fan 24 by 40 meter fan de konstruksje moat sa goed as seker ferfongen wurde. Derneist is de wetterfoarsjenning skansearre rekke, wêrtroch Van Overbeek syn planten gjin wetter jaan kin. Dat moat neffens him gau oplost wurde, oars kin hy in grut part fan syn tomaten ôfskriuwe.

By de brân kaam de kas fol reek te stean. Der wurdt ûndersocht oft der ek skealike stoffen op de tomaten kaam binne. Guon tomaten wurde opstjoerd nei in laboratoarium om ûndersocht te wurden.

Trefwurden: 
Gardeners Pride Bitgum brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)