Hallumer swimbad ûndergiet grutte opknapbeurt

29 feb 2016 - 12:12

Mei man en macht wurdt der yn Hallum wurke om swimbad de Sawn Stjerren noch foar de simmer iepenje te kinnen. It swimbad drige ticht te moatten om't der gjin jild wie foar de opknapbeurt, mar de gemeente Ferwerderadiel kaam mei in nije subsydzje fan 110.000 euro yn it jier oer de brêge.

Dêrmei kin it swimbad yn elts gefal tsien jier iepen bliuwe. It swimbad sil tenei mear gebrûk meitsje fan frijwilligers om iepen bliuwe te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)