Frou slút eigen man bûten

25 apr 2012 - 10:27
Foto: Omrop Fryslân

In frou (54) út Surhústerfean is tiisdeitejûn oanhâlden om't se fertocht wurdt fan mishanneling. Har man (61) hie de plysje belle nei't syn frou him mishannele hie en hy net mear yn 'e hûs mocht. De frou liet de plysje der lang om let wol yn. Se is meinaam nei it buro. Har man hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
plysje Surhústerfean
(advertinsje)
(advertinsje)